Startdienst Samen 1
Startsnein 14 septimber 2025 (startzondag)
Foar it moarnsbrochje moasten we al betiid útein. Op de fyts yn it moaie waar giene wy út iten nei Raard. Mei it doarphûs dêr smoarfol wie it in smakelijke en feestelijke start fan de dei. We krigen fuort de liturgie útrikt, de kleur op de foarkant wie 1 fan de 5, dyn groep en in plattegrûn fan Lichtaard . Op 5 plakken wie wat te beleven. De bern krigen har eigen opdrachten mei en nog wat lekkers. Sa bedarren wij mei jong en âld, Reitsumers en Raarders wer op de fyts nei Lichtaard.
Us earste stop wie oer geloof yn de Petrus tsjerke. En jawol dêr wie Rembrand fan Rijn en syn frou Saskia fan Uilenburch.( Se sil wol familie fan Kees en Ciska west ha want dêr liken se wol op). Rembrand hie syn 30 bybelske skilderijen meinaam. At wy efkes notere koene welk bybelferhaal derop stie. Mar wol yn 6 minuten , dat wie foar ús groep wol wat koart. We waarden wer útswaait, op nei de folgende stop.
Op in tún oan de feart sieten Ingrid en Irma fan it duo Saai op de hikke, en ja dy ferfeelden har wer sa. Postbode Siemen hie gjin tiid foar har, mar uteinliks fia face-time krigen sy contact mei him. Sy, mei har 3en lieten sjen wat respect ynhold.( Jan Pieter, Gretha en Helma, it wie in kostelik stikje )
De tredde stop wie by Einte op it hiem. 4 fan ús team waarden troch Herman S en Ester yn de boarden holpen, wêr at foar- en efterop letters op sieten. Oan de hân fan fragen waarden dizze 4 persoanen hinne en wer draait en treaun om it goeie antwurd te spellen. Dit gie ús groep troch de goeie samenwerking wol better ôf as by de earste opdracht.
Doe op nei de skuorre fan Nies. Dêr waard in heuse flog opnaam. It hie wol in pear opnames nedich oant Hiltsje har flog goed genoch wie. Riemke, filmfrou 1ste klas, die der alles oan om it filmke uniek mogelijk te meitsjen. Dames, jim bin sels in unyk duo.
Doe as lêste noch op nei de buorlju Mark en Anneke. Dêr stiene 3 show/jury masters foar ús klear. Hjir waarden wij test yn verdraagzaamheid. 2 teams tsjin elkoar, earst yn in grutte bân en doe op latten, wa at it hurdst koe. De jury, Henner en Hein namen de tiid op en seagen at it goed gie. Piet de noteringen en seach wol dat wy striid leverden mar dêrneist nog mear wille yn it spultsje hiene.
De fytsen waarden wer opsocht , op nei ús doarpshûs foar de ôfsluting. Hjir krigen we in bakje koffie as thee en fuort mar los mei de starttsjinst. Us Anneke Bouw gie foar yn de tsjinst, de muzikale begelieding fan Klaailûd,
yn in fol doapshûs waard tige smûk.
Samen één, op nei in goed winterseizoen. As ôfsluting fan dizze moaie dei lieten wy ús de 3 grauwe pannen sop mei broadsjes goed smeitsje. Alles gie op. Elts stapte wer op syn fyts en koe werom sjen op in moaie sneintemoarn.
Eltsenien wa at der oan meiwurke hat, foar as efter de skermen, tige tank foar in hearlike startsnein.
Groetnis , in Lichtaarder.

Video van de dienst!
Tijdens de dienst is er ook nog een filmpje gemaakt door Johanna, deze geweldige video kun je hier zien!
Foto’s Startdienst Samen 1
14-09-2025 Raard, Lichtaard & Reitsum










































